Bis spilet dit jier "de rottefanger fan Himmelum
Earlik is earlik: yn Himmelum is it in bytsje in rotsoai. Slûge Arjen is alle dagen dwaande om dy rotsoai
achter de Himmelumers harren kont op te rêden. Mar ja, se binne ek sa drok mei de renovaasje fan harren
moaie doarp, want it bekende avrotros-programma MUZIEK OP HET SCHOOLPLEIN komt nei
Himmelum. Mei DJ Ango Wagner noch wol!
Lyts probleem: om ‘t Himmelum hieltyd mear fersmoarget, dûke der hieltyd mear rotten op. Boargemaster
en wethâlder ûntkenne dat, mar úteinlik rint it rotteprobleem sa út ‘e hân, dat DJ Ango Wagner net mear
delkomme wol. Gelokkich wit Slûge Arjen hoe’t hy de rotten fuortkrije moat. Fan ‘e beleanning kin er einlik
in tiny house oan ‘e Swette keapje!
Mar hy krijt syn beleanning net...en dêrom nimt Slûge Arjen de bern fan Himmelum mei, fuort út dat
smoarge doarp mei syn saneamde folwoeksenen, dy’t tefolle foar harsels libje en temin foar har bern oer ha.
Mar as de bern op ‘e Rottenberch har fantasy wer weromfine, kinne se miskien wer nei hûs.
Wa wit makket Himmelum dan in nij begjin. En as DJ Ango Wagner dêr net by sjonge wol, dan freegje we
syn broer wol. Dy docht it ommers foar niks?
Litte wy mei elkoar hoopje dat it goed komt. Slûge Arjen fertsjinnet in tiny house oan ‘e Swette.
gouden gurbes