Stifting Berne Iepenloftspul
p/a Blankendalwei 8
8629 EH SCHARNEGOUTUM
De kaartferkeap set útein op 1 april.
Bestelde en betelle kaarten wurde net werombetelle, wol is der de mooglikheid om dizze fia de webside te ruiljen of te ferkeapjen.
Mocht in foarstelling om it waar net trochgean kinne, dan wurdt de reservefoarstelling ynsetten, hâld dêr by it bestellen fan jo kaarten ek rekkening mei.
Komme jo mei mear dan 10 persoanen nei in foarstelling dan kinne wy groepskoarting jaan fan 10% op jo bestelling, stjoer derfoar in mail nei bis.kaartferkeap@gmail.com
Komme jo mei in roslstoel, lit ús dit dan witte, dan reservearje wy in plak foar jim
Hawwe jo nog oare fragen oangeande de kaartferkeap, dan kinne jo in in mail stjoere nei bis.kaartferkeap@gmail.com of belje mei: 06-13488000 as fia Whatsapp/SMS.
De jûn-foarstelling begint om 20:00 oere en de middei-foarstelling begint om 15:30 oere. De foarstelling duorret mei skoft goed 2 oeren.
De foarstellings fine dit jier plak yn de tûn fan de famylje Speerstra-Mensonides en is flakby MFC De Tysker, yn Easterwierrum.
It parkearen is oan de Tsjerkebuorren rjochting Mantgum! As jo fanôf Boazum as Raard komme ride jo rjochting Mantgum en dan oan de rjochterkant is it parkearen. Folgje de ynstruksjes fan de parkearwachten. Jo moatte dan in lyts eintsje rinne. Binne jo net ta steat in eintsje te rinnen, om hokker reden dan ek, dan is it mooglik om tichtby yn en út te stappen. Dit is altyd yn oerliz mei de parkeerwacht.
Wolle jo mear ynformaasje en hawwe jo dat net fine kinnen op dizze side? Of hawwe jo in fraach foar it bestjoer?
Mail jo fraach dan nei: bis.berneiepenloftspul@gmail.com of skilje mei 06-13488000 (Tineke Terpstra vd Schaaf)