AUDYSJES BIS 2024

Snein 10 desimber

Hoi jonges en famkes út groep 7 en 8 fan de greidhoeke en dêrbûten

Jawis, is is hast al wer safier, de audysjes foar it berneiepenloftspul fan 2024. Op sneon 20 jannewaris is de 1ste audysjedei en op sneon 27 jannewaris is de 2e audysjedei foar de bern dy't troch de 1ste audysje binne.

Liket it dy no ek leuk om audysje te dwaan, en misskien wol mei te spyljen, sjongen en dûnsjen yn it BIS berneiepenloftspul fan 2024, stjoer dan efkes in mailtsje nei bis.berneiepenloftspul@gmail.com of belje mei Tineke 06-13488000 en dan maile wy dy de opjefteformulieren ta!

Groetnis Gerwin, Jelke, Joke, Geronimo, en it bestjoer fan BIS.

« werom