4 juny 2008
It Berne-Iepenloftspul yn de pastorijetún yn Easterwierrum bringt dit jier ‘It Swurd út de stien’. It is in pear oerkes genietsjen. It stik, dat de besikers werom bringt yn de tijd fan de midsieuwen yn Ingelân, nei de tiid fan Kening Arthur, ferfeeld net in tel. Fan begjin oan it ein wurde de takskôgers fermakke. Mei dûns, teater en muzyk. It is in prachtich ôfskiedsfeest fan regisseur Rieneke de Haan. Dit jier die se de rezjy tegearre mei Theun Plantinga. It swurd út de stien wurdt noch opfierd op op 6, 7, 11 en 13 juny. Der binne noch kaarten en it is absolút de muoite wurdich om der hinne te gean. De bern fertsjinje folle tribunes.