kaarten

BIS 25 jier spilet "FRIEZZ"

Moandei 8 desimber

BIS 25 jier spilet

 

It Berne Iepenloftspul (BIS)  bringt takom simmer yn de pastorijtún yn Easterwierrum in bewurking fan de Disney-topper 'Frozen' foar it fuotljocht. BIS jout oan it stik de titel 'Friezz'. It is foar BIS in jubileumjier, it Berne Iepenloftspul fiert yn 2015 it 25-jierrich bestean. 

Frozen is in animaasjefilm út 2013, dy't wer in bewurking is fan it ferhaal 'De IJsvorstin' fan de Deenske sprookjesferteller Hans Christaan Andersen. BIS folget yn it ferhaal de aventoeren fan twa suskes: prinses Anna en iiskeninginne Elza. Tegearre mei in sniepop, in eland, trollen en noch in hânfol oare karakters spylje sy dit magyske ferhaal oer leafde en it gefaar fan in beferzen hert.

De rezjy is yn hannen fan Ytsje van der Meulen en Eelco Venema, wylst Joke Krist de muzikale lieding foar har rekken nimt. De muzyk en lietteksten binne yn de fertroude hannen fan Peter Sijbenga. Friezz belibbet syn premjêre op 2 juny. De audysjes foar de bern fan de groepen 7 en 8 binne op 10 en 17 jannewaris.

 


 

 

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul