BIS Bern binne sljocht mei regisseuse Jelmar
Woansdei 17 april
BIS-Bern binne sljocht mei regisseuse Jelmar!
It berneiepenloftspul yn Easterwierrum wurdt dit jier regissearre troch Jelmar Hoekstra. In 34-jierrige, ekspressive frou út de Rottefalle dy’t lekker gek dwaan kin, mar op syn tiid ek hiel serieus oan it wurk is.
Jelmar hat de oplieding ta dosint drama oan de NHL yn Ljouwert dien. Fansels hat se sels ek op de planken stien. Sa tinkt se mei in protte nocht werom oan de rol fan suster Clivia yn de Fryske útfiering fan ”Ja Suster Nee Suster”, dat yn Wergea opfierd is. En ferline jier noch skittere se njonken Joop Wittermans yn syn jubileumfoarstelling “Rispinge”. Mar om jo brea te fertsjinjen as aktrise falt net ta. It wurkjen as regisseur hat se der dêrom graach by oppakt. Al tidens de oplieding waard se frege om doarpstoaniel te regissearjen en dy putsjes hat se mei beide hannen oanpakt. Se fertsjinne der net allinne in bûssintsje mei, it wie ek aardich as staazje en se krige in breed netwurk yn de téaterwrâld yn Fryslân.
De grutste opdracht as regisseur krige Jelmer ferline jier doe’t se it iepenloftspult “út de Loft” fan Dronryp regissearje mocht. It wie tagelyk ek har earste Iepenloftspul, dêr’t se daliks in Gouden Gurbe nominaasje foar krige: in ekstra priis foar de foarmjouwing. Spitichgenoch gie de Gouden Gurbe oan har noas foarby, mar de nominaasje wie al in priis op himsels.
Yn Easterwierrum hat Jelmar te krijen mei bern as akteurs en aktrises. “It ferskil tusken bern en folwoeksenen is dat ik bern mear trene moat om in rol te spyljen. Bern wolle har graach identifisearje mei de rol dy’t se spylje. As dat dan de rol fan in heks of in skurk is, fine se dat net aardich en dan fine se it dreech. Pas as ik se dúdlik meitsje kin dat der in ferskil is tusken de rol en har eigen persoantsje giet de knop om en dan giet it goed. Mar dat kin wol ris dreech wêze” sa seit Jelmar.
Oer Asteriks en Obeliks en de yntrigant – it stik dat dit jier yn de pastorijtún fan Easterwierrum opfierd wurdt – seit se: “it wurdt in fisueel humoristyske foarstelling, mei dramaturgysk sjoen net in hiel protte djipgong, mar wol mei spektaktel. Boppedat mei in protte dûns en sjongerij. Dat moat it ferhaal ek echt omheech tille”. Dat Jelmar der foar soarget dat de aktearprestaasjes fan de bern omheech tild wurde, wurdt dúdlik by de repetysjes. Se docht foar hoe’t de bern stean moatte, hoe’t se in sin útsprekke moatte, hoe’t se mei lytse bewegings en sûnder wurden dochs in hiel soad fertelle kinne. “Ik fyn har grappich” seit Britte oer Jelmar. Dat fynt Janne ek en se foeget der oan ta dat Jelmar soms wol streng is. “Ja mar dat is allinne as it út de hân rint” seit Gaiske. En sa is’t mar krekt.