It berne-iepenloftspul, of koartsein BIS, is sa’n typysk evenemint dat frijwat unyk is foar Fryslân.
De bern fan ‘De Romte’ binne hast alle jierren goed fertsjintwurdige, mar mei de komst fan Joke Krist yn Itens is de bydrage út de fjouwer doarpkes noch in stik grutter wurden. Heech tiid om myn (nije) buorfrou hjir ris wat mear oer te freegjen.
Joke wennet sûnt it ôfrûne jier, tegearre mei har man Durk Rijpma en harren beide jonges Andries en Lennart, yn it nijste hûs fan Itens. Joke studearre ôf oan it konservatoarium en wurket as muzykdosint oan it Bogerman Kolleezje yn Snits. Dêrnjonken is sy dirigint fan wol twa jongerein korpsen, it Bogerman keamerorkest en in ‘gewoan’ korps! Ek Durk hat syn wurk yn de kulturele sektor. Dus it is gjin ferrassing dat muzyk en teäter in tige wichtige rol spylje yn harren libben.
Joke. Wat is dyn rol by it BIS?
Tegearre mei de ein-regisseur en de dûns-regisseur meitsje ik diel út fan it artistyk team. Dat hâldt foar my yn dat ik de muzikale lieding ha en my ek mei de rezjy dwaande hâld.
Wat hâldt it yn om de muzikale lieding ta hawwen?
No best wol wat, al sis ik it sels. Wy brûke bygelyks gjin besteande ferskes of melodyen. By it BIS meitsje wy sawol de meldijen as de teksten hielendal sels. Dit jier haw ik foar it earst de ferskes skreaun foar it BIS. Ek soargje ik derfoar dat der elk jier in CD opnommen wurdt.
It is no mits maart, wy sitte noch midden yn de tiid fan lockdown en in jûnsklok. Hoe komt it mei de koroana maatregels?
Tsja, dat is wis wol in útdaging. It leafst soene wy fansels foar in folle tribune spylje wolle, mar dat slagget allinnich as wy der binnen in pear wike, nei hjoed, tastimming foar krije. Allinnich is dat net de ferwachting. Boppedat ha wy te krijen mei it dekôr en de tribune dy’t boud wurde moatte en fansels mei it oefenjen. Sokke saken moatte jo fier fan te foaren al regelje en fêstlein ha. Ymprovisearje op dat mêd, slagget gewoan net. Mar wy ha ek mei oare beheiningen te krijen. Sa mei der bygelyks net yn groepen songen wurde. Spitich fansels, mar it is no ien kear sa. Wat ús organisaasje typearret is dat wy altyd sjogge nei wat der wol kin! Sa besykje wy om de koroanamaatregels te belûken yn it spul. Dêr brûke wy ek de kreative ideeën fan de bern by en dat smyt betiden prachtige oplossingen op. Sa kinne bygelyks de mûlkapkes ynienen in funksjonele rol yn it stik krije.
Is der yn it gehiel wol publyk wolkom en giet it yn alle gefallen wol troch?
It meast wierskynlik is in senario wêrby’t der 100 minsken per foarstelling komme meie. Dêr stelle wy ús dan ek op yn. En ja, ek as der troch in ferskerping fan de koroana-maatregels hielendal gjin publyk mear komme mei, giet it BIS yn in oanpaste foarm al troch.
Wat foar stik kinne wy eins ferwachtsje?
Yn it stik nimme de bern ús mei op ûntdekkingsreis yn it hielal. In reis dy’t eins ek needsaaklik is omdat dizze wrâld eins skjin tenein en frijwat ferprutst is. De bern fine in nije planeet en sa kinne wy allegearre opnij begjinne. Mar in nije kâns betsjut dat jo fansels net weromfalle moatte yn eardere flaters...
Hoe ferrinne de tariedingen eins?
Wy oefenje meardere kearen yn ’e wike en allinnich mar fia it programma zoom. It giet eins bêst goed. Foaral wat it spyljen oanbelanget. It oefenjen fan de muzyk en it sjongen is allinnich wol in probleem. Dat komt omdat der altyd in fertraging op de ynternetferbining sit. Dat soarget derfoar dat jo it sjongen eins hielendal net oefenje kinne.
Falt der ek wat te laitsjen?
Ja, dat sit der ek wol yn. It is faaks humor mei in dûbele laach. Oan de iene kant grappich foar bern en dan wer dûbeldsinnich foar de grutte minsken.
Dan moatte wy it dochs mar ris hawwe oer de seleksje fan de bern. Want ferrint dat altyd wol like suver? Der dogge altyd sa'n soad bern fan ‘De Romte’ mei. Oare minsken soene der hast wol wat fan tinke kinne.
Ja, dat ha ik ek wolris tocht. Mar it giet fansels al earlik. Der binne altyd in protte bern fan ‘De Romte’ dy’t graach meidwaan wolle en it nivo is gewoan hartstikke goed. Miskien sit der hjir wol wat yn it wetter...
It BIS. Efkes wat sifers en histoarje. |
Lêste fraach. Is it eins noch wol leuk, sa mei alle koroane beheiningen?
Jawis, wy meitsje it leuk! Jo moatte allinnich de setting fan oare jierren efkes loslitte.
Ik genietsje fan de bern en fan harren wille en de foldwaning dy’t it harren bringe kin. It aldermoaist is it om te sjen dat bern groeie en harren ûntwikkelje. Troch sy eat wat dwaan te litten, dat sy fan harren sels nea tocht hiene en se op dy wize in grut stik selsbetrouwen mei te jaan. As ik dat sjoch, jout my dat in hiele grut gefoel fan foldwaning!
Tige tank Joke. Ik bin entûsjast wurden en ha der al sin oan krigen. Ik hoopje dat jimme noch wat ekstra mooglikheden krije en ik soe sizze gean foaral troch mei dit nuttige wurk.
Op dit momint fan skriuwen is it ein maart en de koroanabeheinings spylje yndied it BIS in protte parten. Sa is yntusken dúdlik wurden dat der hielendal sûnder publyk spile wurdt. Tige spitich fansels, mar safolle mei no wol dúdlik wêze, by it BIS moatte jo tinke yn mooglikheden! It betsjut foar de bern fan it BIS dat sy no foar in miljoenen(telefyzje) publyk spylje kinne. Binne jo der ek by?
Foar ynformaasje kinne jo telâne op de facebookpagina fan it BIS of fia www.berneiepenloftspul.nl
Troch: Watse Zeinstra
Diggelfjoer De Fjouwer Doarpen - april 2021