kaarten

BIS passet kleanûntwerpster Anneke Hoogeveen

Moandei 26 maaie

BIS passet kleanûntwerpster Anneke Hoogeveen

 BIS passet kleanûntwerpster Anneke Hoogeveen as in jas.
“Oh, dy is fet!” “Moatst dy fan my ris sjen!” en “Dit kin dochs net?!” Der klinke allegear kreten fan bewûndering yn it sealtsje as Anneke Hogeveen wat kostúms op de grûn del leit. De bern dy't der om hinne stean binne út de skroeven as se foar it earst sjogge wat Anneke makke hat fan de klean dy't in pear wike lyn ynlevere binne.
 

De opdracht dit jier wie om de kostúms foar “Bern de Baas” – it stik dat dit jier spile wurdt yn Easterwierrum – te meitsjen fan besteande klean. Jiskefetpûden fol mei klean dy't oars yn de konteners fan it Leger des Heils ferdwine soene, bedarren no yn Gytsjerk, yn it atelier fan Anneke.  

“Ik ha de pûden mei klean gewoan op de kop holden en op ien grutte bulte delgoaid. En doe bin ik der foar stean gien en de ideeën ûntstiene fansels. Dan pak ik in stik klean, spjeldsje dat op de paspoppe, in oar stik klean der oerhinne of der oan fêst en sa bin ik wat oan it prutsen. It is in enoarme útdaging, mar hartstikke leuk!” De eksintrike kleanûntwerpster fan it Berne iepenloftspul fertelt entoesjast oer har krewearjen dit jier. Oars as oare jierren makket se no alle klean sels, krekt omdat it allegear fan besteande klean makke wurdt en der dus foarôf gjin ûntwerpen al klear leine. Eins hat Anneke omgekeard wurke: gewoanwei ûntwerpt se in kostúm en siket dêr it materiaal by en no hie se it materiaal al en dêr hat se in ûntwerp by makke.  

By it meitsjen fan de klean hâldt Anneke rekken mei de rol. “Der binne twa groepen: de 'Leave Lamkes' en de 'Bokkebinde'. Alle bern dy't by de Leave Lamkes hearre, hawwe eat fan wol yn of op har kostúm. En by de Bokkebinde sjochst altyd eat fan plestik. Sa besykje ik yn de kostúms it karakter dat spile wurdt te aksentuearjen”.

De kréativiteit fan Anneke Hogeveen kent gjin grinzen. In jas fan allinne mar stropdassen, stikken fan in binnenbân fan in fyts as stikels op in mouwe en kleurige sjaals ferwurke yn in spikerrokje. De gewoane truien, shirts, jurken, bloeskes en broeken binne stik foar stik ûnwerkenber feroare yn kleurige en aparte téaterklean. De kostúms foar BIS dit jier befestigje opnij wêrom’t Anneke yn 2010 de Gouden Gurbe ûntfange mocht foar har hiele oeuvre. In sitaat út it sjueryrapport fan doe: “It is hast net te leauwen hoefolle kreativiteit Anneke Hogeveen dêr alle kearen wer ynleit. En dat no al tweintich jier.” Underwilens is dat al 24 jier want fan it allerearste begjin ôf wie Anneke der al by. 

Op'e Skille 22 maaie 2014 - Troch Geartsje de Vries

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul