Easterwierrum: It nije stik fan it Berne Iepenloftspul (BIS) is bekend. Yn juny 2012 sil it stik “De Stim fan Lûdsjewierrum” spile wurde yn’e tún yn Easterwierrum. It stik is spesjaal skreaun foar it Berne Iepenloftspul troch Hans Brans en Peter Sijbenga.
Wa is de stim fan Lûdsjewierrum? Dat is Hikke! Hikke kin geweldich sjonge en is yn Lûdsjewierrum en omkriten in “Idool”.Dus Hikke sil sjonge foar de sjuery en de sjuery is kommendewei. Hikke har sân broerkes en suskes, dy 't net sjonge kinne, sille har oanmoedigje, mei hiel Lûdsjewierrum!
Mar dan, as Hikke op fersyk fan har fanatyke mem ús alfêst de Hege A hearre litte sil giet it mis.
Hikke giet troch har stim hinne....panyk panyk yn Lûdsjewierrum, want de sjuery kin der no elk momint wêze! Der wurde doktoaren by helle om út te finen wat har mankearret. It blykt dat beide stimbannen fan Hikke lek binne. Wat no?
Der moat earne in krûd wêze wat de stimbannen fan Hikke wer hiel meitsje kin : it Lûdekrûd. De sân broerkes en suskes fan Hikke sille op syk nei it krûd yn 'e jungle. Mar wêr is de jungle? Tichterby as dat wy tinke...miskien wol yn 'e lûdetún fan Teake Túnman ?
Ja en hoe’t dit fierder ôfrint moatte jimme mar komme te sjen yn’e simmer fan 2012!
De rezjy is dizze kear yn’e hannen fan Froukje van Houten en Akkemei van der Veen.
Om't wy dit jier in sels skreaun stik spylje hat it Berne Iepenloftspul subsydzje krigen fan it Fonds voor Culturele Participatie. Dat hâldt bygelyks ek yn dat wy de bern fan groep 7 en 8 fan Littenseradiel dit jier yn novimber ek yn ‘e kunde komme litte mei de ferskillende ûnderdielen dy 't by it Berne Iepenloftspul belangryk binne. Sa as dêr binne it spyljen, muzyk, ritme en dûns. Troch op skoallen yn Littenseradiel workshops te jaan wolle wy alle bern fan groep 7 en 8 hjir fan priuwe litte. It ferfolch kin dan wêze dat bern harren opjaan gean foar de audysjes dy't yn jannewaris wêze sille. Sjoch foar mear ynformaasje oer de workshops by mear Nijs.