kaarten

BIS spilet yn 2014.......Bern de Baas!!!

Tongersdei 12 desimber

BIS spilet yn 2014.......Bern de Baas!!!

Beurskelûke achter in hage wei, beltsjelûke, rútsjetikje? Is dat no sa slim? Undogensk, jawis. Mar  jo ha dochs ek jong west! No, dan!

Dat is fansels wol sa, mar as der stadichoan mear dingen yn it doarp barre dy’t net mear ûndogensk binne, mar mear te krijen ha mei pesterij, fernielerij, bongelarij, dan wurdt it wol wat oars. Hûnestront troch de brievebussen triuwe, konifearen yn ‘e fik stekke, wasklinen trochknippe?

Dat binne fansels saken dy’t âlders en oare grutte minsken net op priis stelle. Dêr sizze se dan ek wol wat fan, se jouwe straf, se prebearre it te bepraten, earst leaf, letter lulk. Mar wat dogge se as dat allegearre neat jout? As de bern fan it doarp gewoan dôfhûdich har gong geane?

Dan kin it safier komme dat de âlders mei elkoar sizze: “Jimme besjogge it mar! Wy geane fuort!”

En yn it doarp dêr’t it BerneIepenloftspul fan Littenseradiel him yn 2014 ôfspilet komt it sa fier! Op in goede (of in kweade?) dei binne se allegearre fuort. De âlders, de plysje, master, juf, de boargemaster: alle folwoeksenen. Dat is earst wol eefkes skrikken foar de bern út it doarp. Wat moatst mei al dy frijheid? Is dat moai? Of giet dat ferkeard? En kinne de bern fan Timpelbeek har sels rêde? Doe’t se dwers diene tsjin de grutten, wienen se it meastentiids wol mei elkoar iens. Mar bliuwt dat sa?

It binne allegearre fragen dêr’t de spyl-, dûns- en sjongploech fan BIS ûnder lieding fan in grut artistyk en meiwurkersteam yn it iepenloftspul  2014 te meitsjen krije. Hoe’t it ôfrint, oft bygelyks dy grutte minsken spyt krije en werom komme, oft de bern der wat moais fan meitsje of krekt in binde, dat moat ôfwachte wurde. Oant juny 2014 ta. Dan presintearret BIS it stik Bern de Baas.

It stik is in frije bewurking fan de ‘Les Enfants de Templebach’, in Frânske film út 2008, dy’t sels wer basearre is op “Trouble at Timpetill” fan de Amerikaanske skriuwer Henry Winterfeld (oarspronklik Dútsk, 1937). De lietteksten foar Bern de Baas wurde makke troch Peter Sijbenga, de muzyk troch Sytse Haima en de dialogen troch Gerrit Hoekstra. De regy is yn hannen fan Jelmar Hoekstra.

 

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul