EASTERLITTENS - Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom dogge tegearre al trije jier de regy by it Berneiepenloftspul. Foar it ynterview meitsje sy beide tiid. Spot on. Take one.
Romke Gabe en Sjoerd: 'Dit jier ha wy, tegearre my Joke Krist fan de muzyk, it tema betocht. We woene graach de bern in stim jaan en harren input ferwurkje yn de foarstelling. Wy hawwe frege wat sy feroarje wolle as sy de baas fan de wrâld wurde'. 'Wêr soest mei begjinne'?
Mei de ideeën en gedachten fan de bern binne de trije regisseurs oan'e slach gongen en ha sy in toanielskript skreaun. Doe gong it rezjy-trio der noch fan út dat de koroanamaatregels wol gau fan kant wêze soene. Dat foel ôf.
FEEST
De twa regisseurs: 'Earst ha wy it skript online mei de bern lêzen. Dêrnei koe it ek live gelokkich! It is sa moai te sjen dat de bern in gedachte fan harsels werkenne.
Foar harren is it lêzen van de tekst in lyts kadootsje as sy sjogge wat har toanielpersonaasje op de planken aanst sizze moat. De bern sa bliid te sjen, dat is foar ús ek in feestje. It wurdt sa hiel eigen en dat is in geweldige motivaasje'. Mar de koroana bliuwt omdoarmjen en in life-foarstelling wurdt tricky. Dus giet it roer om: de trije werskriuwe de toanieldialogen ta in filmskript.
FERSNELLING
'Dat freget net allinne wat fan ús, mar ek ekstra ynspanning fan de bern, de âlders, de technyk, de dekôrbouwers Jan Franke Heida en Anne Jan Klijn, en de kostumiêre Dianne Bonnema. Sneon 15 maaie hawwe wy de earste opnamen al, wylts de spots gewoanwei pas 20 juny oangean. Wy moatte no yn de fyfte fersnelling alles ôfmeitsje. En it moaie is, ek by de kostúms en dekôrs prate de bern mei. we dogge der alles foar om it bysûnder te meitsjen', fertelle de regisseurs. 'It wurdt in edysje om noait te ferjitten'.
FILM
De scênes wurde oefene op in boerehiem yn Easterlittens. Op woansdei-te-midder en op sneon-te-moarn is elkenien paraat. De bern genietsje fan dit útstapke yn in tiid dat de koroanamaatregels har beheine. De filmpopnames starte takom wike en fine yn seis sneonen plak. En de filmprjemjêre? De regisseurs: 'De filmpremjêre? Euh... dat witte we noch net!
Da's geheim! Hâld Op'e Skille, de posters en de socials mar goed yn'e gaten!'
- Op'e Skille 11 maaie -
Troch Ciska Noordmans