MFlashmob fan BIS foar swemmers en rinnersyn moaie Friezzlân, it is krekt oft dêr de sinne altyd skynt!’
Wat sjongt dat jonkje moai dêr, sa mar op strjitte, tusken in kloft oare bern dy’t no ynfalle en in refrein sjonge van ‘Wat soe hy graach in simmer lang yn Friezzlân wêze wolle!’
Wat sjonge se ‘Fryslân’ trouwens nuver, mei in langge ieieieie en in lange zzzzz?
De minsken snappe der earst neat fan.
Yn Wommels, dêr’t it in drokte fan belang is dizze sneon, by de iepening fan swimbad De Klomp en op ‘e rommelmerk, komt der samar ynienen in lange rige antyke Citroën HY-buskes oanriden en hopla! Der springe tsientallen bern út, blykber út in iizich kâld lân want se hawwe hast allegear mûtsen op en sjaals om ‘e nekke.
En hopla! No binne se ynienen in lange rige dûnsers en sjongers!
It ûnferwachte mini-foarstellinkje, sa docht al gau bliken, is in flashmob fan it Berneiepenloftspul (BIS) dat yn juni yn Easterwierrum spile wurdt. Mei de bliksemfoarstelling en in stapel flyers litte de spilers witte dat de kaartferkeap krekt los is.
Friezz! is in bewurking fan de Disney-animaasjefilm Frozen, en as dizze 25e jubileumedysje fan it berneiepenloftspul ek mar in fraksje sa populêr wurdt as de film, dan sille de kaartsjes rillegau fuort wêze.
Ek yn Easterlittens, dêr’t de start en finish wie fan de Lytsedoarpenrintocht, ferrasten de bern de rinners en it publyk op it folle terras op it Plein mei dûns en ferskes as wienen se professionals. Se hawwe harren rollen al hielendal yn ‘e macht.
De kommende wiken sille der in soad flyers en posters opdûke yn de gemeente, mar eins is it genôch om efkes goed te sjen op www.berneiepenloftspul.nl. Dêr steane alle foarstellingsdata op en kinne kaartsjes besteld wurde.