Ik die yn it skoaljier 1990/1991 mei oan it Berne-Iepenloftspul, doe noch yn de Notaristún yn Jorwert. Wy spilen yn it dekor fan it Iepenloftspul Jorwert, mei wat lytse oanpassings. Yn Jorwert spilen hja doe De Bochel fan de Notre Dame, en dy Notre Dame hiene hja min ofte mear neiboud yn de Notaristún. De foarstellings wiene doe noch yn septimber. Doe't wy Professor Paxokay en de Extra 4A útfierden, siet ik krekt yn de brêgeklasse fan it fuortset ûnderwiis; doe't wy repetearren siet ik noch yn groep 8 fan basisskoalle It Partoer yn Weidum.
Ik hie de rol fan Kening Judocus de 24e en wie de Kening fan Hennedoanië. Myn tsjinspylster wie Ant Oostra, myn klasgenoatsje út Weidum. Sy hie de rol fan Eulalia de 32ste, Keningin fan Baardelinië (nei de eardere gemeenten Hennarderadiel en Baarderadiel, dy't beide opgien binne yn Littenseradiel).
Hennedoanië en Baardelinië wiene konstant mei elkoar yn oarloch, wat benammen ta te skriuwen wie oan de twa oarlochssuchtige generaals fan de legers fan beide lannen. In list fan Professor Paxokay, wêrby't sabeare bûtenierdske wezens (de Ekstra 4A) ynset waarden om beide lannen tichter by elkoar te krijen, moast útkomst biede. It stik einige mei it houlik tusken Judocus en Eulalia, wêrmei't de twa keningkriken ien waarden. Ik wit noch dat ik as Kening Juducus, tegearre mei Eulalia, op it heechste balkon fan dy Notre Dame stie, en it folk tasprekke moast. Myn tekst wie: Minsken, stilte!
En elkenien wie stil. Dat joech in machtich gefoel. En dêrnei: 'Eulalia en ik sille trouwe!'. Doe moasten Ant en ik elkoar in tút jaan, om it houlik te besegeljen. Dat fûnen wy beide tige spannend.
Ik wit ek noch dat ik it echt in kick fûn om fiif of seis kear spylje te meien yn dy Notaristún mei safolle publyk. Mei it repetysjeproses hie ik der lykwols ek wol ris myn nocht fan, benammen ek fan de oare bern. Ik wie net altyd in maklik jonkje en gie graach myn eigen gong, dus dat botse wol ris. Mar mei dy foarstelings krige ik troch dat it dat allegearre wurdich west hie!
Nei it BIS haw ik yn Weidum mei de Jeugdklup en de toanielferiening noch in soad toanielspile. Letter as studint Nederlânsk yn Grins gie ik by de toanielklup fan myn stúdzje. Yn 2007-2010 mocht ik wer spylje yn de Notaristún, doe't ik meispile yn it Iepenloftspul Jorwert. Yn 2007 tegearre mei ús heit; dat wie tige bysûnder. Yn deselde perioade siet ik koart yn it bestjoer fan it BIS. Om yntegriteitsredenen (ik bin beliedsmakker op de ôfdieling Kultuer dan de provinsje) moast ik dêr spitigernôch mei ophâlde. Yntusken bin ik 36 en bin ik op 'e nij mei toaniel dwaande, mar op in oare wize: ik doch sûnt 2014 de kursus regisseur foar amateurtoaniel by Keunstwurk yn Ljouwert.
Ik haw der noch altyd spyt fan dat ik nei it BIS net fuortdalik trochgien bin mei toaniel, bgl. by de Jeugdtheaterschool. Ynstee dêrfan gie ik op fuotbal, by Sparta '59 yn Deinum, dêr't ik nea echt goed in bal rekke haw. Gelokkich is it letter dochs noch in bytsje goed kommen. Dat is wis ek ta te skriuwen oan it BIS.
Troch Tsjerk Bottema, maaie 2015