kaarten

Ik kin súver net wachtsje

Sneon 30 april

Ik kin súver net wachtsje

(troch Anna Bilker)
Easterwierrum...
Ik wie o sa bliid doe't Ant Koning my yn'e winter fan 2010 belle mie de fraach oft ik in teaterstik skriuwe woe foar it Berne-Iepenloftspul.
Foaral om't ik it boek en de film Lang Leve de Koningin ien fan myn leafste ferhalen is. Ik had de DVD al jierren yn'e hûs. Ik seach ek wol wat problemen: der komme bygelyks hiel wat folwoeksen rollen yn it ferhaal foar...Hoe soe dat oplost wurde?
Ik fyn it in prachtich, yntym en lyts ferhaal: in famke leart troch skaken har heit kennen, mar foaral har eigenwearde. En de twa wrâlden fyn ik moai: de echte, en de fantasywrâld. Ik bin o sa benijd hoe't dat der aansten útsjocht: de skaakstikken, it klasselokaal, de kostúms.
In probleem foar my as skiuwer wie foaral dat ik ti BIS net echt koe... Ik bin wol frysktalich teaterskriuwer, mar ik wenje net yn Fryslân, mar yn Almere. Dan misse jo wolris wat. Ik bin dus ôfrûne jier mar ris gau nei Peter Pan gien. Wat in spektakel! Wat in organisaasje! It seach der prachtich út en ik wie ek ûnder de yndruk fan de live muzyk, it sjongen, it dekor en it dûnsjen.
Ik kin suver net wachtsje om Swart/Wyt aansten sels live te belibjen.
Wannear't ik as skriuwer bliid bin? At de minsken net allinne ûnder de yndruk binne fan it spektakel, mar ek fan de ynhâld fan it ferhaal.....
Súkses allegearre!

(Ut Op'e Skille, nr. 9 28 april 2011)

 

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul