kaarten

In BIS-kwietsje foar de Boargemaster

Sneon 21 maaie

Ien kear hat se sels meidien oan in toanielstik, fertelt boargemaster Johanneke Liemburg oan in delegaasje fan it Berne Iepenloft Spul dy’t by har op besite is. ,,Wy dienen ‘Gurbe en Loltjse’ en ik wie Loltsje. Doe wie ik krekt sa âld as jim.” En ek mei de sneinsskoalle hat sy wolris in stik dien. ,,Doe wie ik soldaat.”

Se kin noch samar it stikje monolooch út de holle en lit dat hearre. It wie doe sa spannend en sy hat sa hurd studeard dat sy it no, fyftich jier letter, noch wit. De bern, Mike Bruinsma en Jelte Wynia, hawwe har krekt in spesjaal koekje jûn: it alderearste BIS-kwietje, dat bakker Posthumus útsutelet om BIS, it Berne Iepen Loftspul, te stypjen.

,,Komt de boargemaster ek nei it stik te sjen?” wol Mike witte. ,,Ja wis, altiten!”, seit de boargemaster, en sy freget as de audysjes ek spannend wienen. ,,De earste kear al, mar de twadde kear haw ik alles jûn en tocht ik: as se my no net hawwe wolle, wit ik it net”, seit Mike. Hy en Jelte fertelle net oer it stik, dat moat in ferrassing bliuwe. De boargemaster tinkt dat it stik wol oer de Spulwike gean sil, it hjit ommers van ‘De Geast fan Spultsjelittens’. ,,En jimme sitte no foar it earst net mear yn de pastorijtún mar op it plak fan de Spulwike.” Sy sjocht de bern freegjend oan. Mar de bern ferklappe neat! Sy freegje leaver sels. Wat har favorite stik wie bygelyks (‘Net Normaal’ út 2007), en kin de boargemaster behalve toanielspylje ek dûnsje en sjonge? ,,No ik sit al op in koar, yn Itens, mar dûnsje haw ik noait leard. Dat fyn ik noch altiten jammer. Miskyn kin ik wol in leske krije fan jim?”

Akteurs Mike Bruinsma en Jelte Wynia oerlangje boargemaster Liemburg it earste pûdsje mei BIS-kwietjes dy’t de kommende winkel yn de winkel leit by Bakker Posthuma. De helte fan de opbringst fan dizze sprits mei sukelade giet nei it Berne Iepen Loftspul.
(Út Op'e Skille - 19 maaie -Troch Ria Kraa)
Foto: Johan van der Klaauw

 

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul