kaarten

It swurd yn ‘e stien’ yn Easterwierrum

Moandei 23 maaie

It swurd yn ‘e stien’ yn Easterwierrum

21 oktober 2007

 Easterwierrum – It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum spilet yn de simmer fan 2008 it stik ‘It swurd yn ‘e stien’ (wurktitel). It stik spilet him ôf yn de tiden fan Kening Arthur. Op dit momint is Sjoerd Bottema fan Weidum dwaande mei de oersetting en bewurking. Op 19 en 20 jannewaris wurde de audysjes holden foar de groepen sân en acht fan de basisskoallen yn Littenseradiel.

De regy fan ‘It swurd yn ‘e stien’ is yn hannen fan Rieneke de Haan en Theun Plantinga. De lêste nimt it stokje oer fan Eelco Venema. Nij is dat der kommend jier yn de foarstellingsrige in spesjale gesins-foarstelling opnaam is. Dat sil wêze op snein 1 juny, de middeis om fjouwer oere.

De legende fan Arther en it swurd yn ‘e stien begjint as de kening fan Brittannië stjêrt en der gjin erfgenaam is om de kening op te folgjen. De iennige soan fan de kening is troch Merlijn, in tjoender en in riejouwer fan de kening, earne op it plattelân ûnderbrocht. Hy soe dus gjin kans meitsje op it keningskip. Ûnder it folk ûntstie ûnrêst oer wa’t dan wol kening wurde moast. Tidens de Krystdagen hold de biskip in tsjinst foar alle ridders. Nei ôfrin brocht hy de ridders nei it tsjerkhôf en liet harren in stien sjen mei dêryn in swurd. Wa’t it swurd út de stien lûke koe soe de nije kening fan Brittannië wurde. In spannend ferhaal, mei in ûnferwachts ein.

 

 

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul