Om it publyk in foarpriuwke te jaan fan de foarstelling Swart/Wyt hat it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum in klipopname makke. Op tongersdei 9 juny wurdt de klip presenteard, dêrnei is dy op You Tube te sjen.
Graach noegje we jo út om de presentaasje by te wenjen. It wurdt in bysûndere byienkomst, alles is yn it swart/wyt. Alle bern dy ’t oan de klip meiwurke ha komme yn swart/wite klean. Mei in ferrassende handeling wurdt de fertoaning fan de klip yn gong set. It nûmer dat yn de klip songen wurdt hyt ‘Wa bisto’ en is skreaun troch Peter Sijbenga.
It is de tredde kear dat it Berne-iepenloftspul in klip útbringt. Foargeande jierren wie dat in grut súkses, tûzenden kearen is de klip op You Tube besjoen, it ferske waard in hit, by de foarstellings song it publyk it nûmmer spontaan mei.
Wat: Klippresentaasje
Wêr: Roomske tsjerke oan de Dilledyk yn Easterwierrum
Datum: Tongersdei 9 juny
Tiid: 17 – 18 oere
Foar mear ynformaasje:
Katja Westra 06 13384715 of
Lucy Brouwer 06 27347372