Dit jier wurdt foar de 22ste kear it Berne Iepenloftspul útfierd yn ús gemeente. Op 23 juni is de premiêre yn de pastorijtún yn Easterwierrum. Ek dizze kear hat Peter Sijbenga de muzyk foard syn rekken nommen, yn 1998 wie hij der al bij mei "De Skippers fan de Kameleon" en no skriuwt der al foar de tolfde kear de muzyk foar BIS. Net allinnich is hy ferantwurdlik foar de muzyk, mar hy fertolkt ek in rol yn de foarstelling fan dit jier: De Stim fan Lûdsjewierrum.
It Berne Iepenloftspul fan dit jier is justjes oars as oare jierren troch it brûken fan noch mear muzyk ('live' fertolkt), ynstruminten en klanken. Foardat it stik op'e planken stiet, is der troch de skriuwers al moannen oan wurke. Yn earste ynstansje waard troch Hans Brans in skript skreaun wêrnei Peter - sa't er sels seit - it stik "fermusikalisearre" hat.
De dialogen dy't Hans skreau, waarden troch Peter yn liettekst omset. It aktearjen giet bern ek better ôf, op it momint dat dit yn in muzikale foarm is.
As iennige folwoeksene spilet Peter de rol fan Teake Túnman yn de Stim fan Lûdsjewierrum, in eksintrike doarpsbewenner. Syn tún spilet in grutte rol yn it stik, mar it giet te fier om de geheimen fan dizze tún hjir te ferklappen.
Om dêr achter te kommen, sille jo sels komme moatte te sjen. De tariedings binne folop geande. Sjoch ris op www.bis2012.nl foar it lêste BIS-TV, foto's en foar de kaartferkeap.