kaarten

Noch ien dei foar de premiêre

Freed 24 juny

Noch ien dei foar de premiêre

It begjint mei seeën oan tiid. De kalinder stiet op jannewaris en fermeldt: audysjes. Sântich bern melde har by De Tysker, de measten ha der al jierren fan dreamd om mei te dwaan oan it Berne-iepenloftspul. Foar 34 fan har komt de brief mei it nijs dat se troch binne.  Yn febrewaris begjinne spilers en dûnsers entûsjast oan de repetysjes, yn maart sitte de earste teksten en dûnspassen der yn. Efter de skermen is ûndertusken al in hiele masjinery op gong kommen fan dekorbouwers en naaisters. Dit giet mar moai tinke je yn april. Fanôf maaie telt de kalinder net mear yn moannen, mar yn wiken. De skema's wurde strakker: de CD moat noch opnommen, de fideoklip is noch net klear, de kostúms moatte no hast wol ôf.... Yn juny moat eltsenien fol oan de bak. De bern fytse fjouwer kear yn de wike nei Easterwierrum of wurde yn wikselskema's troch heiten en memmen brocht en wer ophelle. De foarmjouwer wurket him út de naad, it bestjoer mailt alle dagen...

En dan is it noch mar in wike oan 't de premiêre. De gesichten fan it artistike team wurde strakker, it moat no al stean! Mar de ferwachtings stige ek: it wurdt wér moai. De lieten binne wer prachtich, it stik sit wer fol fynsten en grapkes, de oanklaaiing is hast noch moaier as foarich jier.

At jo dit lêze duorret it noch gjin 24 oeren mear en dan is it sa fier: Swart/Wyt belibbet syn premiêre. En dan sille we grif – lykas oare jierren – sjen dat alles wer krekt op 'e tiid te plak fallen is.

PS: Krekt as de klok tikket ek de teller fan de kaartferkeap mar troch. Net te lang mear wachtsje mei bestelle, hear!

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul