Út Op'e skille 26 maaie
'Tink derom: it is net kâld!' Jimme binne bliid. En sjoch yn de kamera, soargje dast yn byld bist!'
We binne op it station fan Mantgum, it is sneontemoarn en it is wol kâld.
Mar in groepke fan tweintich bern spilet dat it in waarme simmerske dei is. De kondukteur fan de trein út Ljouwert sjocht ferheard op at dy bern ynienen begjinne te dûnsjen en huppeljen. Ien famke liket fan doel yn te stappen, mar beslút op it lêste moment om mei de fleurige sleep bern mei te gean. De trein rydt fuort, de kamera hâldt stop.
We binne by de opnames foar in fideoklip oer de foarstelling Swart/Wyt. It ferhaaltsje fan de klip is dat de kenninginne fan it skaakspul foarby komt en bern útnoeget om mei har mei te gean. En dat dogge de bern: folle leuker om op aventoer te gean as thús te bliuwen. Mei in zwaan-kleef-aan-effekt wurdt de optocht hieltiten grutter.
In famke mei in hûn komt der by, in pony riidt mei, bern mei in pols op it skouder slúte har oan....
De stoet mei auto's wurdt ek hieltiten langer. We ride fan Mantgum,nei Britswert, nei Easterlittens en dan fan Wjelsryp nei HIlaard. Yn elts doarp komt der in bern by. Foarbygongers glimkje at se de dûnsgroep mei har kleurige pakjes yn in greide bewegen sjogge. Auto's hâlde efkes stil om de opnames net te steuren.
Tsjin fjouweren binne we yn Easterwierrum, it eindoel fan dizze reis.
De bern binne wurrich fan al it yn- en útstappen. Noch in broadsje knakworst en dan nei hûs. Noch in dikke wike en dan is it resultaat te sjen op dizze side en op You Tube fansels!
9 juni is de presintaasje fan dizze klip yn'e Tsjerke fan Easterwierrum om 17.00 oere!