kaarten

Peter Pan: in feest fan entûsjasme

Moandei 9 maaie

Peter Pan: in feest fan entûsjasme

(Út Friesch Deiblêd 14 juni 2010)
It Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum is mei de útfiering fan Peter Pan wer in feest. It entûsjasme fan de bern yn dizze tweintichste jubileumedysje sleept my daliks mei it ferhaal yn. De oanklaaiíng is moai en de klean binne hieltyd wer fernúverjend prachtich.
Dat is it moaie fan iepenloftspul fansels, dat jo in dekor meitsje kinne dat sels net yn de Ljouwerter Harmonie passet. En dêr hawwe de regisseurs Marius Del Grosso en Regina Visser mei foarmjouwer Jan Eric Valkema moai gebrûk fan makke. In krûp-troch-slûp-troch dekor mei jungle en pirateboat dêr 't  út alle hoeken en gatten bern te foarskyn komme.
En wat foar spilers komme dêr te foarskyn: wol 35 jonges en famkes dy't fol fjoer spylje, dûnsje en sjonge. Mei dat fjoer leit it lân fan Peter Pan, Saberië, net fier fuort. Ik bin der sa en gean mei yn de safolste moaie, ferzy fan it bekende ferhaal. De piraten ûntfiere Wendy, Peter Pan en Tink (Tinkerbell) rêde it famke, mar se krije spul. Kapitein Heak wit dêrnei Wendy foar syn karke te spannen, ek al om 't er fan alles oer har te witten komt mei help fan de gûchels. Dêrtroch kinne Heak en syn piraten Peter en syn "Tûke Fammen" fange om se oan de haaien te fuorjen. En dan rêdt Wendy earst Tink om dan tegearre Peter Pan en de Tûke Fammen te befrijen. En einliks wit it komyske duo Krokodee en Oktopee wat se jûn ite: Heak.
As Wendy it publyk opropt mei har te leauwen yn feeën om sa Tink te rêden, dan doch ik dat al lang. Ik wol die moaie stoere Tink wol graach wer yn aksje sjen. Ek al omdat Wendy, en ek Peter Pan, allinnich sjongend en spyljend yn dat ymminse dekor, mei al dy minsken der omhinne, my foar harren ynnaam ha. Ek dy yntime sênes wurkje goed tusken al dat spektakel fan dy oare taferielen.
Want meastentiids kom ik eagen te koart omdat der oeral op it spylfjild wol wat te sjen is. Lykas dy prachtige klean, ûntwurpen troch Anneke Hogeveen. De pearsgriene tûke fammen, de readswarte piraten, Krokodee mei syn grutte sturt en Oktopee mei syn acht earms. Er foaral ek de dûnsers dy't hieltyd yn in oare kreaasje it spylfjild op fladderje. Wat sil it in drokte wêze yn de klaaikeamer. Mei de dûns ûnder lieding fan Marit Bamboe en de spesjaal foar it stik skreaune muzyk en ferskes fan Kees van der Meer kriget dizze Peter Pan de alluere fan in wiere musical.
En dan Kapitein Heak
, dat is in ferhaal apart fansels. Foar it earst docht der in folwoeksene mei yn it Berne Iepenloftspul. Mar is dat wol sa? Johannes Arendz wurdt sa oanstutsen troch it fjoer fan syn "kollega's", dat er gewoan ien fan de bern wurdt. Allinne wat grutter, en dat passet wol by Heak. En giet dêr net om yn 't ferhaal fan Peter Pan: bern bliuwe.

(Resinsje troch Jelte Albada)

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul