Wa binne dizze mannen? Wêr steane sy en wêr sjogge sy nei? Tinke sy der ek wat by? Prate se oer wat sy sjogge as is dit in soarte fan libben stânbyld?
Der binne somtiden nuvere saken te sjen yn en om Easterwierrum, benammen de lêste wiken. Op Keningsdei rûnen der op ferskate plakken minsken dy’t op de frijmarkten allinnich mar seagen nei servys. Krultsjes en blomkes derop graach. Fierder makke it net út hoe’t it der út seach. As der dan earne wat by elkoar lei wie it: ja, doch alles mar tagelyk. Hoe djoer? Te djoer! Want it moat aansten stikken. Wat?!
En dan yn it bosk by Raerd. Prachytige stinzenblommen dêr. En op in dei ek in pear bern. As wie dy iene gjin jonge mar in knyn? En wat die dat famke dêr op in bêd?! De boskwachter kaam efkes te sjen of dy rare minsken wol op ‘e blommen pasten en dat wie wol OK mar oare kear graach earne oars hinne mei jimme nuveraardichheden, sei er.
Troch : Ria Kraa
Foto: Johan van der Klaauw