Resinsje Froukje Reitsema - Friesch Deiblêd 27 juni 2011
Leit yn ’e film Lang leve de koningin it aksint op de keninginne, yn berne-iepenloftspul Swart/Wyt dat dêrop ynspirearre is, giet it om Sietske, in famke dat foar dom fersliten wurdt troch sawol har mem, har learkrêft en har klasgenoaten. Gelokkich sjocht Freark har wol sitten.
As hy yn de klasse komt wurdt alles oars. Freark bringt har yn in fantasijwrâld fol mei sjongende en dûnsjende skaakstikken. Sietske leart skaken, se fernimt stadichoan dat se net dom is èn se komt te witten wa’t har heit is.
Net sa’n maklike opjefte om werklikheid en fantasij út elkoar te hâlden. De regisseurs Mario Del Grosso en Anke Boersma hawwe mei kleanûntwerpster Anneke Hoogeveen besocht ien en oar dúdlik oer komme te litten, mar dat is net hie-lendal slagge. Wie it tema miskien ek net te abstrakt? Hie de fokus som-tiden skerper kinnen? Yn de grutte groep bern wie Sietske sa no en dan net te finen. Safolle kleur! Prachtich, mar ek betyzjend.
Mar! Wat wie it in lust om safolle bern sa oertjûgjend spyljen, sjongen en dûnsjen te sjen . Safolle ynset. En as je letter de lietteksten fan Peter Sybenga op muzyk fan Kees van der Meer en Peter Sybenga nochris trochlêze, kom je der achter wat foar in juwieltsjes der tusken sitte. Wat in gelok dat der in cd fan makke is! Nei it skoft waard de betizing foar it publyk folle lytser en fansels ek foar Sietske, want se kriget sicht op har eigen libben en oarderet de gaos.
De jonge spilers hawwe dan ek mear kontakt mei it publyk. Soks wol it publyk ek graach: meilibje! De jonge spilers krije in soad kredyt fan dat publyk, mar myn fraach is: hoe kin je dizze sjarme noch mear ynsette? Hiene der mear grapkes yn moatten,sa as de pake achter de rollator, dy’t ynienen hiel hurd rinne kin? Mear wurkje oan sterke oergongen fan fantasij nei werklikheid en oarsom? De earder neamde fokus?
Hawar, it libbene skaakboerd fan foarmjouwer Jaap Groen fertsjinnet in soad besikers
Swart/wyt yn Easterwierrum, 400 besikers