kaarten

Wêr binne se bleaun?

Woansdei 12 oktober

Wêr binne se bleaun?

Troch: Anna-Marie Tinga

Tweintich jier Berne-Iepenloftspul, wêr binne de Jannen, Piters, Nynkes as Marijes fan doe bleaun? Ik makke in dûk yn it archyf en seachris hokker nammen yn de boekjes stienen, en frege my ôf: wat dogge se no en wat witte se noch fan it BIS?

Spylster fan it earste jier is Nynke Laverman en wat sy no docht wi eltsenien wol. Ek de namme Kees van der Meer falt op en we witte dat hy no alwer in oantal jierren sels oan de produksjes fan BIS meiwurket.
Mar wat dogge de suskes Romkje (spile yn Minoes '92) en Lyske (spile yn Kening fan Katoaren '96) de Bildt?
Spylje se noch hieltyd toaniel krekt as harren heit Douwe yn Jorwert?
Nei in telefoanysk fraachpetear kaam ik der efter. De beide suskes wenje yn Amsterdam dêr't Romkje no learares Nederlânsk en Klassike talen is, en Lyske is ûntwerper fan tentoanstellingen foar grutte museums yn ûnder oare London.
Wurdt der noch hieltyd oan toaniel dien? Nee, beide binne deryn net meat aktyf, mar foar Lyske begjint it sa no en dan wol wer te kribeljen, mar foar Romkje is it mear de muzyk dêr't se harsels yn kwyt kin.
Op de fraach ha jim in soad oan it BIS hân yn jim lettere karriêre, jouwe se oan dat de iene noch hieltyd wer opnij senuweftich is en de oare fynt it jaan fan in presintaasje noch wol dreech. Oars as by toaniel kinne je je dan net yn in personaazje ferskûlje.
Mar beide binne se der oer iens dat BIS in geweldige erfaring wie dy't je nea wer ferjitte. Romkje sjongt sa no en dan sels noch wolris in ferske út Minoes op de fyts foar har soantsje Hidde.
Sa sjogge je mar: BIS, it bliuwt je by!

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul