kaarten

Wie een heuse drukpers bouwt mag grappen maken

Tongersdei 18 maaie

Wie een heuse drukpers bouwt mag grappen maken

Dit jier hat it Berne Iepenloft Spul wer in totáál oar dekor as ferline jier. Want spile ‘De Geast fan Spultsjelittens’ him ôf op it plattelân, Pietje Bell en de binde fan ‘e Swarte Hân spilet yn it Rotterdam fan 100 jier ferlyn. Yn in echte krantedrukkerij.

Ferline jier wie ik maklik. Doe woe it skript ,,in stikje braaklizzend lân” as dekor. Dit jier is de útdaging foar it Berne Iepenloft Spul yn Easterwierrum wer wat grutter. Nêst MFC De Tysker wurdt in komplete drukkerij boud. Twa jûnen yn ‘e wike en alle sneonen is in ploech heiten oan it wurk. Sûnt ein febrewaris al, dat it sjit moai op.

,,Mar der moat ek noch wol wat gebeure”, seit Herman Koops út Mantgum, dy’t al in jier as sân de bouw mei koördineart. Syn dochter Ytsje hat meidien oan it stik Spegelspreuk en nei de audysjes kaam syn frou Hylkje thús en sei ‘de âlders moatte ek helpe dat ik haw dy mar opjûn.’ Herman lacht hard: ,,En no hat sy der spyt fan: ik bin noait thús want ik help hjir nei al dy jieren nóch.”

Itt is prachtich om de dekors yn elkoar te setten dy’t Jan Eric Valkema (wurket by J.O.N.G. architecten op ‘e Lemmer) makket. ,,Moatst ris sjen, al dy boutekeningen.” In dikke klapper giet iepen. ,,Dy binne sa presys en detailleard. Elke oen kin se meitsje, by wize fan sprekken.” Fansels giet der wolris wat mis, de bouploech bestiet út amateurs, al binne der dit jier - mazzel - in pear echte timmermannen by. En dan noch kin it samar heve dat de koarte en lange einen fan ‘ e sheddakjes omwiksele wurde. As dat in regisseur betinkt dat der in akteur mei rollator fan it podium ôfrinne moat, en dat de dekorploech dat net wist dus dêr gjin romte foar makke hie. ,,Dat wie doe sa mei Spegelspreuk. Doe hawwe wy nei de generale noch in falbrêge makke. Wiene wy om ien oere nachts klear.”

Dat binnen moaie lessen fansels, en efternei ek prachtige ferhalen. Mar it is wol noflik dat regisseurs Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom alle wiken nei de rippteysjes efkes komme te sjen om te oerlizzen. Sa kinne se oanjouwe dat sy wat misse as dat se wat krekt oars hawwe wolle. Oant no ta binne sy it aardich iens oer hoe’t it giet. ,,It falt dit jier mei”, seit Herman - hy hat ek wolris meimakke dat in regisseur wat wol dat technysk net út te fieren is. ,,En dan is it de útdaging om wat te betinken dat wól wurket.”

Herman wurket yn ‘e wegenbouw, mar fynt dit dekorbouwe ek geweldich. ,,De minsken sjogge allinnich de foarkant mar wy betinke ek in hiel soad foar de efterkant. Trepkes en lûkjes dêr’t de bern oerhinne as trochhinne moatte.” Dat moat allegear feilich wêze en de logisyk moat klopje. Gjinien dy’t sjocht hoe folle wurk dêr yn sit. Mar dat makket him neat. ,,As je sjogge hoe skruten dy bern skruten binnen komme en nei in pear moanne oan it spyljen binne: skitterend. Dêr dogge je it foar.”

Der is kofje. Seis man hâlde efkes op mei seagje en timmerje en komme oanrinnen. De rose fiters yn Herman syn skuon lûke de oandacht. ,,Hat myn dochter kocht”, seit er blier. ,,Dan kinst soks ferwachtsje.”

Let mar op, ferfolget er, as hy de oare mannen laitsjen sjocht. ,,Ik haw al ien by my yn ‘ e strjitte sjoen mei knalgriene fiters. By de Aktion, se binne hiel goedkeap. Dat it wurde hippe dingen.”

Oalje op it fjoer fansels. ,,By in bepaald slach minsken ja!”, laket Rintsje de Boer út Easterwierrum. Syn soan Jens docht dit jier foar de earste kear mei.

,,Wy negeare dit”, beslút Richard Rob, heit fan Berber. En hy mei it sizze, want hy wurket tafallich wol by Vos | Gekas & Boot in Appingedam, spesjalist yn ûnder oaren oandriuwtechnyk. Dat bedriuw hat oanbean ien fan de belangrykste dekorstikken te meitsjen en te sponsorjen: in echte drukparse dy’t noch wurket ek.

De mannen kinne hast net wachtsje om te sjen hoe’t dat der aansten útsjocht allegear. Dat wil net lang mear duorje. Nije wike komme de memmen fan de ferfploech derby en oer trije wike sille de bern net mear yn De Tysker oefenje mar yn harren dekor. Dat hop it bakje kofje opdrinke en wer oan it wurk.Dat hop it bakje kofje opdrinke en fierder!

 

© Copyright 2024 - Berneiepenloftspul