It waar spilet BIS dit jier parten. Meastal giet it om min waar, mar dit jier hat just de waarmte ús yn'e greep. Dêrom ha wy as bestjoer besluten om de foarstellingen fan woansdei 24 en tongersdei 25 juny letter begjinne te litten. Wy begjinne beide dagen om 18.30 oere. Wy begripe dat guon fan jimme hjirtroch miskien net komme kinne en foar de besikers fan tongersdei is it al de twadde wiziging. Dêrfoar ús ekskuzes. Wy kinne lykwols net oars, want de feilichheid fan de spilers en jim as publyk stiet foarop.
Nim genôch te drinken mei, in sinnebril as pet om de lêste sinnestrielen te kearen en genôch wetter. We hoopje op jim begryp en sjogge jimme graach om 18.30 oere!