Yn petear mei ......Jasmijn Visser
Sneon 30 april
De spilers hawwe it earste in it lêste wurd. Jasmijn do dochst dit jier foar it earst mei: wa bist do, wêr sisto op skoale, hoe âld bist, mei oare wurden wa is Jasmijn?
Ik bin Jasmijn Visser, ik bin 10 jier en ik wenje yn Weidum(buorkerij tsjin oer it restaurant De Vijf Sinnen). Myn skoalle is It Pertoer yn Weidum en ik sit yn groep 7 by master Jacob en juf Gradeke.
De spilers hawwe it earste in it lêste wurd. Jasmijn do dochst dit jier foar it earst mei: wa bist do, wêr sisto op skoale, hoe âld bist, mei oare wurden wa is Jasmijn?
Ik bin Jasmijn Visser, ik bin 10 jier en ik wenje yn Weidum(buorkerij tsjin oer it restaurant De Vijf Sinnen). Myn skoalle is It Pertoer yn Weidum en ik sit yn groep 7 by master Jacob en juf Gradeke.
Hasto ek buorkes en suskes? Poesen, hûnnen, geiten of oare bisten die de hiele dei om dy hinne wêze kinne ast yn Weidum thús bist?
Ja ik ha 1 suske, Merel, sy is 8 jier. Fieder ha ik 2 poesen, Saartje en Morris en 2 kavia’s Peppi en Maaikie. Myn allerleafste kavia, Jhosan, is krekt ferstoarn. Dêr bin ik noch wol hiel fertrietlik om. O ja we hawwe ek noch 2 goudfisken, Jimmy en Otto. Eader hienen we ek noch nubyske geiten.
Weidum kin ik as in hiel leuk doarp. Mar dat sil net elkenien witte. Wat is der allegearre te dwaan yn Weidum?
Weidum is echt in hiel leuk doarp. Der is altyd wol wat te dwaan. Ik fyn sels de knutselklup hiel erg leuk, derneist ek noch it Jeugdhonk (op freed), de Merke en it Krystballeballeke (dat is in grut feest yn’e krystfekânsje wêr ’t ik dan hiele moai klean oan ha kin).
Do sist yn Weidum op de OBS It Pertoer. Do hast les fan master Jacob en juf Gradeke. Is it in leuke skoalle?
It is in fanatyke skoalle, mei in soad gymnastyk.
Ut hokker doarpen komme de bern nei dyn skoalle?
Se komme út Jellum, Bears en Weidum.
Wisto ek wat It Petoer betsjut?
No ik ha efkes sjoen op de webside fan skoalle, it betsjut: in petoer by it keatsen bestiet út 3 spilers en dat is dan in Pertoer.
Wat is it leukste wat jimme op skoalle mei makke ha?
Ferline jier binne wy nei ’t Amelân west mei it skoallereiske en dêr hawwe wy doe in bontejûn hawn. Ik wie doe in tut-hola.
Wat fynst it leukste fak op skoalle? En hokker fak net?
Kreative fakken fyn ik it leukst. De lessen fan de dûmny binne hiel saai.
Sa genôch oer skoalle! No sille we it ha oer it BIS! Hoe wiene de audysjes, fûnst dat ek spannend? Hoe is dyn audysje gien? En hast al ris earder in audysje dien?
Ik fûn it hiel nijskjirrich de audysjes fan it BIS. De 1e audysje fûn ik hiel leuk, om’t ik dat die mei bern fan groep 7 die’t ek noch nea earder audysje dien ha foar it BIS. De 2e audysje wie wol hiel oars, doe wiene der in soad bern by fan groep 8, dy’t al earder mei dien ha. En dêr waard ik dochs wol bytsje senuweftich fan. Ik al ris earder in audysje dien foar de dûnstalinten klasse fan it CVK yn Snits.
Do sist no yn’e dûnsploech. Fynst dat leuk, of hiest ek graach sjonge of tonielspylje wollen?
Ik bin hieeeeeeeeeeel bliid dat ik yn’e dûnsploech sit. We leare hiele leuke dûnsen fan Sherryl-Joy. Oant sjongen dêr dogge wy ek oan mei en dat fyn ik ek hiel leuk!
Do hast it meast te krijen mei Juf Sherryl-Joy. Is it in leuke juf? Wat fynst it leukste oan dizze juf?
Ik fyn Sherryl-Joy in hiele leuke juf. Se is aardich, jout goed les en betinkt hiele leuke dûnsen.
Do dochst dûns by it Centrum van de Kunsten in Snits. Wat foar soarte fan dûnslessen dochsto?
Ferline jier bin ik oannommen yn in talintenklasse en dêrom dûnsje ik no twa kear yn’e wike. Op moandei ha ik klassyk ballet fan Berber de Hoo. Sy is no mei swangerskipsferlof en no hawwe wy les fan Jorien Bosklopper. Yn de talintenklasse krije wy ek noch 3 blokken van 10 lessen mei ferskillende soarten fan dûns, sa as musikaldûns fan Raymond Guzzman en Hip Hop fan Dikkie Knap. It 3e blok dêr kin ik no net oan meidwaan, dat is op woansdei en ja dan ha ik BIS fansels. Fierder dûnsje ik op freed by Niels van der Wal. Hy jout jazz. Hy is de dûnsleraar dy’t ik it leafste ha. Mei dizze jazzgroep sille wy op Himelfeartsdei dûnsje op Heegspanning yn Heech en begjin juni hawwe wy 2 foarstellings yn it Teater yn Snits. Dan dûnsje wy de foarstelling “De Wizzard of Ozz” en ik mei dan de rol fan Dorothie dûnsje.
Hasto ek noch mear hobby’s?
Ja ik doch ek oan ponyriden yn Mantgum by Irene. Myn leafste pony’s binne Dolly en Sissy.
Wat tinkst? Silst letter ek meidwaan oan So You Think You Can Dance? Of hast al in oar idee foar dyn takomst?
Dat soe ik hiel leuk fine, mar dat wit ik noch net.
Dyn heit en mem binne ek tige aktyf. Dogge se ek mei as meiwurkers fan it BIS?
Ja, myn mem sit yn ‘e naaiploech en myn heit yn’e bouploech.
Binne der noch mear bern út Weidum/Jellum/Bears dy’t oan it BIS meidogge?
IK fansels, Janna, Jantina, Winneke, Annebaukje(dûnsploech )en Wietske(Toanielploech) of wol de 3 J-tjes, de 2 W-tjes en ien AB-tje.
Neffens my komt Nynke Laverman ek út Weidum. Wolsto ek sa bekind wurde as sy? Dat hoecht fansels net allinne om it dûnsje te wêzen, mar it mei ek wol mei wat oars.
Ik bin mei myn mem nei in foarstelling fan Nynke west yn’e Harmonie yn Ljouwert. Sy die dêr de foarstelling “Tialde”mei it “Noord Nederlands Danstheater”. Se kin wol hiel goed sjonge, mar ik sjoch dochs it leafste nei dûnsers.
Wat foar iten hasto it leafste? En wat fynst echt net te iten? NO WAY!
Pizza Hawaï en ik iet NO WAY nea gjin broccoli!
Efkes in tige wichtige fraach, hasto noch in tip foar de belangryke minsken fan it BIS? (Miskien hasto wol in hiel leuk idee!!).
Gesellich mei elkoar pannekoeken of pizza Hawai ite!
Do hast grif al in oantal BIS Foarstellings sjoen. Hoefolle eins en hokke foarstelling fûnst it moaiste?
Ik ha it myn mem efkes frege en de earste foarstelling wie dy fan de Wizzard of Ozz, myn buorfamke Sietske spile dêr yn mei. Doe wie ik 4 jier. Dêr nei ha ik gjin foarstelling mear mist. De foarstelling Spegelspreuk mei Jelle de Boer yn ‘e haadrol fûn ik ek hiel leuk. En de foarstelling fan ferline jier fan Peter Pan die fûn ik súperleuk.
Wat fynst fan BisTV? Mei Jacob en Guido?
Ik fyn it hiel grappich en op ‘e webside steane de filmpkes en dat is hiel leuk want no kin elkenien yn ’t lân ús sjen!
Wat hasto altyd al dwaan wollen?
It hataltyd al myn dream west om mei te dûnsje yn it BIS en dat die is no útkommen!!!!Dûnsje yn’e Harmonie en in ferneamd dûnseres wurde liket mei ek hiel “Cool”.
Justin Bieber is krekt yn Nederlân west. Wêr hâldsto fan, fan wat soarte muzyk?
Lady Gaga en Katy Perry. Mar ik hâld it measte fan muzyk wêr ik lekker op dûnsje kin!
En hokker boek bist oan it lezen of hast krekt lezen?
Dummy de Mummie en de tombe van Achnetoet. Dat is in hiel grappich boek.
Hast ek in favoriet tv-programma? Sjochsto alles fan Nickelondeon of dochs mar leaver de tún yn te trampolinespringen?
Ik boartsje hiel graach bûten, mar So You Think You can Dance en it nije dûnsprogramma op snein de Dance Battle dêr mei ik ek hiel graach nei sjen.
Wat is dyn leafste bist?
Jhosan, myn kavia dy’t ferstoarn is, hy wie foar my it leafste bist fan’e wrâld.
Hast miskien ek noch tips foar de bern dy’t takom jier audysje dwaan sille? As moatte sy gewoan harren sels wêze?
As’t oan it Bis meidwaan wolst, moast der gewoan foar gean en sa goed mooglik dyn bêst dwaan.
Der binne 34 bern die oan’t BIS meidogge. Die kinsto fansels net allegearre. Enneh, hast toch it meidwaan oan BIS al freonen der by krigen?
Ja, troch it dûnsjen ha ik Anniek kinnen leart. Sy is krekt sa gek op dûnsjen en ponyriden as ik. Ik ha har meinommen nei Niels (jazzleraar) en no dûnset sy freeds ek mei en geane wy tegearre de foarstellings yn Snits en yn Heech dûnsjen. We binne ek al tegearre nei Beppe west (dit is Anniek har fersoarch pony) en ik bin ek al ut fan hûs west by Anniek.
(Troch Johan van de Klaauw, april 2011)