Wa wol der no net in “Idoal” wurde?
No, de broerkes en suskes fan Hikke net, want dy kinne neat. Én se ha Hikke.
Suske Hikke kin sjonge as de bêste. Dat hat se fan har mem. Hikke is ‘De Stim fan Lûdsjewierrum’. Mar dan komt de sjuery. Sa 'n sjuery dy 't oeral west hat en alles better wit. Dan bart der in ferskriklik ûngemak (it is sa slim, dat we it hjir net sizze kinne, dus ast it witte wolst moast mar komme te sjen). Mar it komt der op del dat de stim fan Hikke net mear sjonge wol.
Wat no? De broerkes en suskes fan Hikke moatte no oan de slach. Se sykje in wûndermiddel, se bedarje yn in wûndertún en moetsje ferskuorrende wûndermeunsters dy 't harren allinne fierder de put yn helpe. Dochs ûntdekke se it wûnder fan de muzyk. Wêr wurdt muzyk fan makke? Hoe hâlde je it fêst? Hoe litte je it klinke? De broerkes en suskes wisten net dat se it yn harren hienen. It is dan ek in wûnder en asto it sels sjen én hearre wolst, kom dan nei de wûndertún fan Lûdsjewierrum, uh, we bedoele fansels EASTERWIERRUM.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers