It twa-stjerre restaurant “Skotlân State” fan eigner Duncan van Groningen hat in bêste namme. Nearne oars sette se sokke lekkere burgers op ‘e tafel. It feit dat Duncan alle dagen op telefyzje is mei syn eigen itensiedersprogramma draacht oan dy reputaasje by. Yn sa’n restaurant wurde jo fansels graach sjoen, as gast.
Macbeth is de sjef fan “Skotlân State”. Hy is top-kok en is de baas oer poerbêst keukenpersoaniel. Syn frou, Lady Macbeth, soarget der yntusken foar dat de sjieke gasten neat te koart komme. Koartsein, it giet as it slydjaget mei “Skotlân State”.
Oant Macbeth trije jiske-ophellers tsjin it liif rint, dy’t him foarsizze dat Skotlân State in tredde stjêr krije sil en Macbeth de lieding oer it restaurant oernimme sil fan Duncan.
De earste foarsizzing komt deselde jûn al út … sil Macbeth rêstich ôfwachtsje oft de twadde foarsizzing útkomt? Net as Lady Macbeth it sizze mei. Dy fûn Duncan altiten al in nimmenet….
Fan dat momint ôf ferdringe jaloerskens, de oandrift om bûge of barste oan ‘e top te kommen, hurdheid en sliepeleaze nachten, de freonskip, de goede wil en de ienigens, dy’t “Skotlân State” altyd tekenen. Sa komt it, as je de foarsizzing fan in jiskeman wier meitsje wolle.
It wrâldferneamde ferhaal fan Macbeth is tragysk en grouwelik. Tagelyk kinst net oars as sa no en dan hiel hurd laitsje om hoe 't de minske deryn slagget fan it libben sa'n ûnbidige rotsoai te meitsjen. En bern binne, spitigernôch, yn it deistich libben faak like skrokkerich en wreed tsjin mekoar as de folwoeksenen, dy't mienden har goede tafelmanieren bybrocht te hawwen.
Dêrom is it foar bern in prachtige útdaging en ûndergean it drama fan Macbeth, likegoed as spiler as yn it publyk. En faaks groeit der oan 'e ein tóch noch wat moais.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers