De measte bern dreame der wolris oer. Prins wêze of prinses. Wa soe dat no net wolle? No, Willem net. En dy is no krekt prins. Wat is't ek nuver ferdield yn'e wrâld net? Willem fynt der gjin barst oarn. Dat stive gedoch, opsitte, hatsjes jaan, netsjes prate en it alderminste: dy mislike stive klean.
Op syn eigen feest, "prinsjesdag" yn Den Haach, grypt der syn kâns en pykt hy der tuskenút. Mar wêr moat sa'n jonkje no hinne yn dy grutte frjemde wrâld? Willem wit it wol, nei syn Beppe Marijke Muoi yn Ljouwert. Dêr rollet hy fan it iene aventoer yn it oare. Makket freonen mar ek fijannen.
Dan komt it der op oan. Wat wolst Willem? Prins of jonkje? Wat sil't wêze? Wy sille it sjen yn'e pastorijtún fan Easterwierrum.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers